Assortiment
Producten getagd met Friese Pers Boekerij
Ûnder de Seespegel
Koarte ferhalen dy't yn it waadgebiet spylje. Durk van der Ploeg jout in sfearfolle ympresje fan it lânskip en fan de faak wat iensume personaazjes dy't syn ferhalen befolkje. Friestalig Spreker(s): Jan Schotanus
Sûnder garânsje
Op yngeande wize is yn dizze roman beskreaun wat oer de frou dy't samar fan in sûn minske yn in kankerpasjinte wurdt en har neisten hinne komt en wat it betsjut fierder libje te moatten 'sûnder garânsje'. Friestalig Spreker(s): Grytsje Reitsma-Snoek
Salsafamke
De 14-jierrige Freya is op Curaçao. Se komt yn 'e kunde mei Guido. Ienkear werom yn Nederlân fernimt se dat de fakânsje net sûnder gefolgen bleaun is. Friestalig. Leeftijd: 12+ Spreker(s): Antsje van der Zee
Nei it Park
Op tige humoristyske, mar tagelyk oangripende wize beskriuwt Hylkje Goïnga de striid fan de deminte Martha om út it hûs foar âldere minsken te bliuwen. Friestalig Spreker(s): Jenny Boomsma-Eppinga
Liet foar myn jonge
Dizze sfearfolle roman smyt de lêzers werom op harren eigen gefoelens fan langst en dreamen en fan mooglikheden ta treast. Friestalig. Spreker(s): Hinke Wolthuizen
Kûgels foar Kant
Sietse de Vries skriuwt misdiedferhalen dy't jo net mear dellizze as jo ienris begûn binne te lêzen. 'Kûgels foar Kant' is spannend en hâldt tagelyk de maatskippij oan it begjin fan de 21ste ieu kritysk tsjin it ljocht. Friestalig Spreker(s): Jan Schotanu
Joppe
It frijbliuwende libbentsje fan Joppe krijt ynienen in oare diminsje as er Terpsi moetet, in politike flechtlinge út Afrika. Friestalig Spreker(s): Hein Jaap Hilarides
Ien foar de wraak
Om't it yn dizze roman net allinne giet om it wurk fan de polysje, de misdieden en de jacht op de dieders. De ferwurking troch de neibesteanden, harren reaksje op wat bard is, stiet like sintraal. Friestalig Spreker(s): Sjoerd van Beem
Dy't in hûs fynt op 'e wyn
Dizze útjefte befettet alle gedichten en oersettingen út de bondels 'De weromkommer yn it ûnlân', 'In waarm wek altyd', 'Under fearne goaden', 'Fangst fan ’e demoandolfyn' en 'Sprankeskyn'. Friestalig. Spreker(s): Abe de vries
De mjitte
Mette kriget op har fjirtichste oanstriid om yn har fammensjierren te dûken. Al gau sit se wer midden yn it ferline... Friestalig. Spreker(s): Tryntsje Finnema en Koos Tiemersma
Op redens oer
De grutte Fryske iiskampioenen fan de koartebaan wiene ferneamd. It wiene manlju en froulju dy't yn it begjin fan de 20ste ieu soms in hiele buorkerij mei lân en fee byelkoar rieden. Friestalig. Spreker(s): Hylke Speerstra
Feroaring fan lucht
De aventueren fan Durk Snoad en syn singeliere húshâlding, it bêst ferkochte boek út de Fryske literatuer. Friestalig. Spreker(s): Douwe Kootstra
De Fûke
Guon boeken hearre ta de kearn fan de literatuer. De Fûke fan Rink van der Velde (1932-2001) is sa’n boek. Friestalig Spreker(s): Sjoerd van Beem
De diggels fan Che
'De diggels fan Che' is it debút fan Greet Andringa. Har sfearfol proaza, fol subtile observaasjes fan minsken en situaasjes sil in soad harkers yn 'e besnijing krije. Friestalig Spreker(s): Greet Andringa