Producten getagd met fries

Sietse de Vries Kûgels foar Kant

Kûgels foar Kant

Sietse de Vries skriuwt misdiedferhalen dy't jo net mear dellizze as jo ienris begûn binne te lêzen. 'Kûgels foar Kant' is spannend en hâldt tagelyk de maatskippij oan it begjin fan de 21ste ieu kritysk tsjin it ljocht. Friestalig Spreker(s): Jan Schotanu

€ 9,00
Hein Jaap Hilarides Joppe

Joppe

It frijbliuwende libbentsje fan Joppe krijt ynienen in oare diminsje as er Terpsi moetet, in politike flechtlinge út Afrika. Friestalig Spreker(s): Hein Jaap Hilarides

€ 7,50
Roald Dahl Jappy en it sûkeladefabryk

Jappy en it sûkeladefabryk

It ferneamde boek fan Roald Dahl, dat ek as fideo in protte bekendheid krigen hat, fertelt it ferhaal fan lytse Jappy, dy't mei pake Jan nei it fabryk fan Willy Wonka giet. Friestalig. Leeftijd 10+ Spreker(s): Jan Schotanus

€ 6,00
Wilco Berga It portret

It portret

In skilder siket in oare omjouwing om te wurkjen, it leafst sa ticht mooglik by see. Yn it havenstedsje fynt er lykwols mear as allinne wurkromte en nije ynspraasje, en giet ta op in domdryste leafdesrelaasje. Friestalig. Spreker(s): Douwe de Bildt

€ 7,50
Sjoerd Bottema It piipjen fan de proai

It piipjen fan de proai

Alve yntrigearjende, tragykomyske ferhalen dy't gauris in bizarre draai krije. Mei syn bytiden broeierige stim lûkt de skriuwer jo mei yn it ferhaal. Friestalig Spreker(s): Sjoerd Bottema

€ 10,00
J.H. Halbertsma It Heksershol

It Heksershol

Hoe't Goasse Knop fan Molkwar himsels oan de duvel ferkocht, hokker singeliere foarfallen er tsjinkaam op syn libbensreis troch it Âlde Fryslân, watfoar skelmstikken as er begie en hoe't er raar oan syn ein kaam. Friestalig Spreker(s): Wouter van der Wal

€ 6,75
Harmen Wind It Ferset

It Ferset

Ferset fan in heit tsjin de feroarings yn de tsjerke en de maatskippij en ferset fan in soan tsjin syn heit; it leveret in yndrukwekkende roman op. Friestalig Spreker(s): Harmen Wind

€ 12,00
Joop Boomsma Ien foar de wraak

Ien foar de wraak

Om't it yn dizze roman net allinne giet om it wurk fan de polysje, de misdieden en de jacht op de dieders. De ferwurking troch de neibesteanden, harren reaksje op wat bard is, stiet like sintraal. Friestalig Spreker(s): Sjoerd van Beem

€ 6,75
Anders Rozendal Hupsakee en oare ferhalen

Hupsakee en oare ferhalen

'Yn in foarich libben haw ik in grut seeman west,' sei omke. Neffens muoike wie dat lichtsinnich praat. En doe't wy omke mei de kloet dwaande seagen... Friestalig Spreker(s): Jacobus Knol

€ 9,00
Meindert Bylsma Fan flierefluiters en droechstinners

Fan flierefluiters en droechstinners

Yn Bylsma syn kremearkes wurdt de lêzer net allinne de mearkewrâld ynlutsen, mar ek op absurdistyske wize konfrontearre mei de wrâld fan hjoed. Friestalig Spreker(s): Meindert Bylsma

€ 7,50
Jetske Bilker Fan Duveldrek nei Hoarnestreek

Fan Duveldrek nei Hoarnestreek

Fan Duveldrek nei Hoarnestreek, in boek mei folksferhalen út Frjentsjerteradiel, optekene en foarlêzen troch Jetske Bilker, Neeltje Bonnema en Mindert Wijnstra. Friestalig Spreker(s): Jetske Bilker, Neeltje Bonnema, Mindert Wijnstra

€ 7,50
Johan Veenstra Een brogge van glas

Een brogge van glas

Mit Een brogge van glas het Johan Veenstra een indrokwekkend en ontroerend boek schreven dat ongetwiefeld op een protte lezers grote indrok maeken zal. Stellingwerfs. Spreker(s): Johan Veenstra

€ 7,50
Wieke de Haan Optriuwe en ôfbliuwe

Optriuwe en ôfbliuwe

Ferhaleboek foar froulju dy't de uterste hâldberheidsdatum naderje, passearje of út 'e wei gean wolle. Friestalig. Spreker(s): Wieke de Haan

€ 6,75
Wieke de Haan Ophysje en delbêdzje

Ophysje en delbêdzje

Humoristyske ferhalen oer plastuiten, stofsûgers, kontaktadvertinsjes, fetslobberjen, weblogjende froulju, mobyltsjes, OMO-relaasjes en hygiëne op feestjes. Friestalig Spreker(s): Wieke de Haan

€ 6,75
Wieke de Haan Echt moai

Echt moai

Ferhalen oer it inerlik en uterlik fan Fryske froulju. Mar ek in boek oer de ynfloed fan heiten op dochters, oer beauty en glamour, de frouljusbeweging, it hawwen fan rimpels, it glêzen plafond, it belang fan it Frysk. Friestalig Spreker(s): Alida de Jong

€ 8,25
Abe de Vries Dy't in hûs fynt op 'e wyn

Dy't in hûs fynt op 'e wyn

Dizze útjefte befettet alle gedichten en oersettingen út de bondels 'De weromkommer yn it ûnlân', 'In waarm wek altyd', 'Under fearne goaden', 'Fangst fan ’e demoandolfyn' en 'Sprankeskyn'. Friestalig. Spreker(s): Abe de vries

€ 8,25
Auck Peanstra Sitebuorren, myn eigen paradys

Sitebuorren, myn eigen paradys

Boppe wetter kommen brieven fan har mem binne foar Auck Peanstra oanlieding om de oantinkens oan it plak fan har jeugd op te skriuwen. Friestalig. Spreker(s): Auck Peanstra, Oane Peanstra

€ 8,25
Auck Peanstra De Traveliers - Kantsjeboard op Kurasao

De Traveliers - Kantsjeboard op Kurasao

De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhanne projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit. Friestalig. Leeftijd: 9+ Spreker(s): Auck Peanstra

€ 6,00
Auck Peanstra De Traveliers - It goud fan de Aboriginals

De Traveliers - It goud fan de Aboriginals

De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhanne projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit. Friestalig. Leeftijd: 9+ Spreker(s): Auck Peanstra

€ 5,50
Jan van der Leij De tiid stie even stil

De tiid stie even stil

Yn dizze bondel steane 22 hiel ferskillende ferhalen. Hy skriuwt koele observaasjes, mystearjes, humoristysk-realistyske stoarjes en ferrifeljende ferhalen. Friestalig. Spreker(s): Jan van der Leij

€ 7,50
Pagina 4 van 6