Assortiment

Auck Peanstra

Auck Peanstra (Aukje Hoogland-Peenstra) (1954) die de oplieding ta beukerliedster en helle de L.U.-akte Frysk. Se wurket as skoaljuffer yn it basisûnderwiis. Op dit stuit (2007) oan de IBS Martenaskoalle yn Bitgummole.

Auck Peanstra is benammen bekend as skriuwster fan berneboeken mar se skriuwt ek wolris foar folwoeksenen. Njonken it proaza dat se skriuwt wurke se as skriuwster ek mei oan de learmetoade Frysk foar it basisûnderwiis: Studio F. Fierder is se ien fan de skriuwsters fan de Tomke-boekjes. Ek skriuwt se - al of net yn de mande mei oaren - revueteksten. Se wurdt gauris frege as ferhaleferteller.