Alice yn Wûnderlân - Lewis Carroll

Alice is al oer de hûndert jier, mar se is noch altyd fris, fleurich en libben en noch altyd oarsaak fan bewûndering en fermeits foar bern. Sa skreau Tiny Mulder yn har ynlieding yn 1964. Friestalig. Leeftijd: 10+ Spreker(s): Tryntsje van der Veer
€ 6,00 Incl. btw
 Koop als download


Luisterfragment

Alice is al oer de hûndert jier, mar se is noch altyd fris, fleurich en libben en noch altyd oarsaak fan bewûndering en fermeits foar bern.
Sa skreau Tiny Mulder yn har ynlieding yn 1964.
En der is wat dat oanbelanget net folle feroare. Noch altyd sprekke de aventoeren fan de lytse Alice ta de ferbylding.
Dit harkboek is in moaie gelegenheid om it ferhaal op 'en nij te genietsjen.

'Wy binne hjir allegearre gek,' sei de Siferske Kat tsjin Alice. 'Ik bin gek. Jo binne gek.' - 'Hoe witte jo, dat ik gek bin?' frege Alice. - 'Dat moat wol sa wêze,' andere de Kat, 'oars soene jo hjir net kommen wêze.'

'Hjir' is it Wûnderlân, dêr't it famke Alice yn bedarret en de bjusterbaarlikste dingen meimakket. Se kin harsels lytser en grutter meitsje, wat soms o sa gefaarlik is. Se praat mei de Wite Knyn, de Siferske Kat, de Sabeare Skyldpod, de Boaze Hertekeninginne en noch mear wûnderlike skepsels.

Dit klassike boek fol humor foar it jonge - en âldere! - folk is yn tal fan talen fertaald. Fansels ek yn it Frysk.

Ynhâld
Ynlieding
Alice (gedicht)
Yn it kninehoal
De poel fan triennen
In ferkiezingsstriid en in lang refrein
De Knyn jout in boadskip
Goede rie fan in rûp
De bigge en de piper
De gekke teebesite
It croquetfjild fan de keninginne
It ferhaal fan de Sabeare Skyldpod
De dûns fan de kreeften
Wa hat de taartsjes stellen?
De ferklearring fan Alice
Uitgegeven door: Audiofrysk
Oorspronkelijke uitgever: Laverman Drachten
Spreker(s): Tryntsje van der Veer
Speelduur: 3 uur 17 min

Grootte: 197 MB

ISBN: 9789460380761

Gerelateerde producten