De Traveliers - Spoaren! - Anny de Jong

De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhanne projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit. Friestalig. Leeftijd: 10+ Spreker(s): Anny de Jong
€ 6,00 Incl. btw
 Koop als download


Luisterfragment

'Jim hawwe by it fleantúch west.'
Hidde ropt fuort fan 'No!' De militêr stekt syn hân op. 'Net lige, asjebleaft. Wy hawwe jim fingertaasten fûn.'
De man sjocht lang fan de iene nei de oare. Dan wiist er driigjend nei Hidde. 'En do hast de doaskes út it tastel helle.' Hidde wurdt wyt en read. It swit komt him ûnder de noas te stean. Hy moat nei de goede Ingelske wurden sykje. Hy stammeret: 'Ik ha se wier net.' 'Wat hast der mei dien?' 'Neat,' ropt er. 'Ik ha se fergetten en doe…'

De Traveliers is in searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhanne projekten yn it bûtenlân, komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit. Spoaren! spilet yn Finlân (en hiel even yn Ruslân).
Uitgegeven door: Audiofrysk
Oorspronkelijke uitgever: Afûk
Spreker(s): Anny de Jong
Speelduur: 2 uur 59 min

Grootte: 192 MB

ISBN: 9789460380747